Taspraak fan Syn Majesteit Kening Willem-Alexander

30 april 2013

Leden fan de Steaten-Generaal,

Hjoed bin ik nei jimme Feriene Gearkomste kommen om as jimme Kening beëdige en ynhuldige te wurden. As keazen folksfertsjintwurdigers binne jimme dêrom hjir, yn 'e haadstêd, gearkommen. Dat symbolisearret ús konstitúsjonele ferhâldings.

Yn 'e rin fan twa ieuwen is it Nederlânske Keningskip ûnskiedber ferbûn rekke mei de parlemintêre demokrasy. Dizze ynhuldiging en de eed dy't ik aanst ôflis, befêstigje dat ferbûn, dat ferankere is yn it Statút foar it Keninkryk en de Grûnwet.

Demokrasy is stuolle op wjersidich betrouwen. Betrouwen fan boargers yn harren oerheid. In oerheid dy't har oan it rjocht bûn wit en perspektiven biedt. Mar ek betrouwen fan de oerheid yn har boargers. Boargers dy't harren meiferantwurdlik witte foar it algemien belang en foar inoar opkomme. Alle publike amtsdragers, oft hja no keazen, beneamd of oanwiisd binne, hawwe oan dat betrouwen harren bydrage te leverjen. Sá wurdt de demokrasy ûnderhâlden.

"Yn it winnen fan wjersidich betrouwen leit in oanhâldende opjefte, yn it lyts en yn it grut." Dat sei ús mem yn har lêste krysttaspraak as Keninginne. Trijentritich jier lang hat hja betrouwen jûn en it oan har jûne betrouwen net beskamme. Dat is de basis fan har gesach. Hja stie foar de wearden dy't yn 'e Grûnwet ferankere binne en dêr't hja har op 30 april 1980 plechtich oan ferbûn hie. Hja brocht dat ta utering as hja dat foar nedich achte. Want it feit dat de Kening gjin politike ferantwurdlikens hat, betsjut net dat er gjin eigen ferantwurdlikens draacht. Oars soe de eed, dy't ek ik aanst yn dizze Feriene Gearkomste ôflizze sil, sûnder betsjutting wêze.

Leave mem,

Mem wie Keninginne yn it folle bewustwêzen fan de ferantwurdlikheden dy't dêrmei ferbûn binne. Oan de plichten fan mem har amt wie mem folslein tawijd. Mar mem wie ek dochter, oarehelte, haad fan de famylje en mem. Oan elts fan dy ferantwurdlikheden woe mem allyksa folslein rjocht dwaan. Dat late somtiden ta inerlike spannings. Mar mem wist al mem har plichten gear te bringen yn in besiele ferbân. Op mem waard nea om 'e nocht in berop dien. Op dagen fan persoanlike drôvens wie mem ek op de meast leafdefolle wize in betroubere stipe foar ús allegearre.

Holpen troch ús heit hat mem as Keninginne mem har eigen styl ûntwikkele. Flechtige populariteit wie net it kompas dêr't mem op reizge. Mem hold in stabile en suvere koers oan, om't mem wist dat mem yn in lange tradysje stie. Rêstich middenmank ûnrêstige baren.

Ik gean yn mem har fuortleasten. Fan myn amt haw ik in helder byld. 'Wat de takomst bringe mei', wit gjin minske. Mar wêr't it paad ek hinne laat en hoe fier't it ek fiert, mem har wiisdom en mem har waarmte draach ik mei my mei.

Ik wit dat ik de gefoelens fan in protte minsken yn Nederlân en de Karaibyske dielen fan ús Keninkryk fertolkje as ik sis: betanke foar al dy moaie jierren dêr't wy jo as ús Keninginne yn hawwe mochten!

Alle Keningen jouwe harren eigen ynfolling oan it amt. Hy is in oare persoan, yn in oare tiid. It Keningskip is net statysk. Binnen ús steatsrjochterlike regels hat it him hyltyd oanpasse kinnen oan feroarjende omstannichheden. Dy romte hawwe ministers en Steaten-Generaal de Kening ek bean.

Tagelyk is it Keningskip in symboal fan kontinuïteit en mienskiplikens. It is in streekrjochte ferbining mei ús steatkundich ferline, it tapyt fan ús skiednis dêr't ek wy hjoed mienskiplik fierder oan weevje. Yn 'e skiednis fine we de ferankering fan de wearden dy't we diele. Ién fan dy wearden is de tsjinjende rol fan de Kening. De Kening beset syn amt yn tsjinst fan de mienskip. Dat djipwoartele besef waard al yn 1581 troch de Steaten-Generaal fêstlein yn it Plakkaat fan Verlatinghe, de berte-akte fan wat letter Nederlân wurden is.

Ik treed oan yn in perioade dat in protte minsken yn it Keninkryk harren kwetsber en ûnwis fiele. Kwetsber yn harren wurk of yn harren sûnens. Unwis oer harren ynkommen of oer harren libbensomjouwing. Dat bern it better krije as harren âlden, liket minder fanselssprekkend as eartiids.

It liket as hat elts foar himsels mar in bytsje fet op ûntwikkelings dy't ús libben beynfloedzje. Us krêft leit dan ek net yn ôfsûndering, mar yn gearwurking. As famylje. As freonen. As bewenners fan in strjitte of buert. As boargers fan ús Keninkryk. En as bewenners fan dizze ierde, dy't harren konfrontearre sjogge mei tal fan opjeften dy't allinnich yn ynternasjonaal ferbân op te lossen binne.

Ienheid én ferskaat. Eigenens én oanpassingsfermogen. Besef fan de wearde fan tradysjes én nijsgjirrigens nei wat de takomst bringt. Dy skaaimerken hawwe ús yn 'e rin fan ús skiednis makke ta wat wy binne.

De driuw om grinzen te ferkennen en leafst te ferlizzen, hat ús fier brocht. Fiif bysûndere lângenoaten steane dêrfoar symboal. Sy ferfolje hjir, hjoed, in tradisjonele rol, mar binne tagelyk in libben bewiis fan wêr't wy ta yn steat binne.

Efter harren steane hûnterttûzenen oaren dy't harren op harren eigen wize ûnderskiede. Harren ynset is ek ûnmisber. De hope fan ús lân skûlet yn it mei-inoar fan al dy minsken, mei harren talinten, lyts en grut. Fernimstigens, iverigens en iepenens binne al ieuwenlang ús krêft. Dêr hawwe wy de wrâld in protte mei te bieden.

As Kening wol ik minsken oanmoedigje om aktyf gebrûk te meitsjen fan de mooglikheden dy se hawwe. Hoe grut oft it ferskaat ek is, hoe ferskillend oft ús oertsjûgings en dreamen ek wêze meie, wêr't ús widze ek stie, yn it Keninkryk fan 'e Nederlannen mei eltsenien syn stim hearre litte en op foet fan lykweardigens meibouwe.

Mei grutskens sil ik it Keninkryk fertsjintwurdigje en helpe om nije kânsen te ûntdekken. Ik wol ferbinings lizze, ferbannen sinjalearje en útdrage wat ús, Nederlanners, ferienet, ek yn tiden fan grutte blydskip en by djip fertriet. Sa kin ik as Kening it wjersidich betrouwen tusken boargers en harren oerheid ferstevigje, de demokrasy ûnderhâlde en it algemien belang tsjinje.

Ik oanfurdigje dit amt mei tankberens. Tankber foar de opfieding dy't myn âlden my jûn hawwe en foar de romte dy't ik krigen haw om my op dit amt ta te rieden. In protte minsken hawwe my mei rie en die holpen; harren allegearre sis ik tank.

Kabinetten efterinoar, dêrby stipe troch de Steaten-Generaal, hawwe my de mooglikheid jûn in eigen rol te spyljen op ferskate wurkterreinen. Dêrtroch haw ik yn en foar Nederlân in protte dwaan kinnen. Dat wurk hat my bewust makke fan wat ik yn myn posysje betsjutte kin. It hat my ek de kâns jûn in yngeand ynsicht te ferkrijen yn ûnderwerpen dy't fûneminteel binne foar ús lân, lykas in ferantwurde omgong mei wetter.

Nasjonale en ynternasjonale ûnderfinings hawwe my foarme ta wa't ik bin. Mei betrouwen doar ik tsjin mysels en tsjin de wrâld te sizzen: ik oanfurdigje dit amt mei oertsjûging. Dêrby besef ik hoe yntins gelokkich oft ik bin mei de stipe fan myn oarehelte, Máxima. Hja is har bewust fan de persoanlike begrinzging dy't har posysje somtiden fan har freget. Hja hat ús lân omearme en is Nederlânske ûnder de Nederlanners wurden. Hja is folslein ree har útienrinnende kapasiteiten yn tsjinst te stellen fan myn Keningskip en fan it Keninkryk dat fan ús allegearre is.

Leden fan de Steaten-Generaal,

Hjoed befêstigje wy tsjinoer inoar ús wjersidige ferantwurdlikheden en ferplichtings. It Statút foar it Keninkryk en de Grûnwet binne ús mienskiplik fûnemint. Yn goede en yn minder goede jierren meie wy dêr fierder op bouwe yn it folle betrouwen dat we mei-inoar mei de holle omheech de takomst temjitte gean kinne.

Ut dy oertsjûging wei wol ik my as Kening ynsette mei alle krêften dy't my jûn binne.

Ik swar oan de folken fan it Keninkryk dat Ik it Statút foar it Keninkryk en de Grûnwet hyltyd ûnderhâlde en bewarje sil.

Ik swar dat Ik de ûnôfhinklikens en it grûngebiet fan it Keninkryk mei al Myn fermogen ferdigenje en bewarje sil; dat Ik de frijheid en de rjochten fan alle Nederlanners en alle ynwenners beskermje sil, en ta ynstânhâlding en befoardering fan de wolfeart fan alle middels gebrûk meitsje sil dy't de wetten My ta foldwaan stelle, lykas in goed en trou Kening skuldich is te dwaan.

Sa wier helpe My God Almachtich!